Share this post on:

Magan Tahir waard berne yn Somaalje, yn ‘e haadstêd Mogadishu. Tidens de boargeroarloch yn Somaalje flechte er út syn lân en kaam er yn it asylsikerssintrum yn Ljouwert telâne. Hy hat tsien jier topatleet foar it Nederlânsk Tafeltennisbûn west. Dêrnei wurke er by de belestingtsjinst en as frijwilliger by Amaryllis en Tûmba. Hy hâldt op it stuit lêzingen op skoallen en oare organisaasjes. Ek is hy ambassadeur foar ferskate Somalyske sportaktiviteiten yn Nederlân. Magan wennet noch altyd yn Ljouwert.

“Ik ha mear as in jier yn it AZC De Bonkevaart wenne. It wie in hiele grutte oergong. It wie waarm yn Somalië en doe’t ik winters yn Fryslân oankaam wie it reinerich en kâld. De taal wie ek in grut probleem. Boppedat wie ik wend oan in tige iepen kultuer. Ik tocht earst dat minsken hjir lilk wiene, terwyl dat se dat hielendal net wiene. It wie gewoan de behoedsumheid as se dy net goed kenne.

By it asylsikerssintrum krige ik de kâns om tafeltennis te spyljen by ferskate Fryske klups. Ik spile ûnder oaren yn Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer en Bûtenpost. Dêrtroch learde ik de Friezen en Fryslân goed kennen.

Ik wenje no 25 jier yn Fryslân en ik kin sizze dat ik my hjir thús fiel. It is hjir rêstich en de omjouwing is prachtich. Dêrneist is der ek de geselligens fan de stêd. Hoe mear ik my yn de Friezen ferdjipje, hoe mear ik der achter kom dat it betroubere en earlike minsken binne. Dat binne kwaliteiten dy’t ik yn mysels ek tige wichtich fyn. Hoewol’t ik altyd Somalysk bliuwe sil, bin ik ek Fries en fiel ik my hjir thús.

Wat my lokkich makket, binne de Fryske sporten. Dat komt fansels om’t ik sels ek sportman bin. Keatse, reedride, ik fyn it moai om te sjen. Ik fiel my ek lokkich as ik moaie plakken yn de provinsje besykje, bygelyks om by it wetter te sitten of yn it bosk te kuierjen. Ik gean graach nei de Lauwersmar, Oranjewâld, Gaasterlân en Grou.

Ik mis de rêst as ik net yn Fryslân bin. Ik gean geregeld nei de Rânestêd of nei it bûtenlân en ik bin altyd bliid as ik werom bin yn it stille, fertroude Fryslân. Júst as ik earne oars west ha, merk ik dat ik my thús fiel yn Fryslân en dat ik in Fries bin!”

***

Magan Tahir is geboren in Somalië, in de hoofdstad Mogadishu. Tijdens de burgeroorlog in Somalië is hij zijn land ontvlucht en in het AZC in Leeuwarden terechtgekomen. Hij is tien jaar topsporter geweest bij de Nederlandse Tafeltennisbond. Daarna werkte hij bij de Belastingdienst en deed vrijwilligerswerk bij Amaryllis en Tûmba. Momenteel geeft hij lezingen op scholen en andere organisaties. Ook is hij ambassadeur voor verschillende Somalische sportactiviteiten in Nederland. Magan woont nog steeds in Leeuwarden.

“Ruim een jaar woonde ik in het AZC De Bonkevaart. Het was een hele grote overgang. In Somalië was het warm en toen ik ‘s winters in Friesland aankwam was het er regenachtig en koud. Ook de taal was een groot probleem. Daarnaast was ik een heel open cultuur gewend. In het begin dacht ik dat de mensen hier boos waren, terwijl dat helemaal niet het geval was. Het was gewoon de terughoudendheid als ze je niet goed kennen.

In het AZC kreeg ik de kans om bij een verschillende Friese clubs te tafeltennissen. Ik speelde onder andere in Leeuwarden, Dokkum, Franeker en Buitenpost. Hierdoor leerde ik de Friezen en Friesland goed kennen.

Inmiddels woon ik 25 jaar in Friesland en kan ik zeggen dat ik me hier thuis ben gaan voelen.  Het is hier rustig en de omgeving is mooi. En daarnaast is er ook de gezelligheid van de stad. Hoe meer ik me verdiep in de Friezen hoe meer ik erachter kom dat het betrouwbare en eerlijke mensen zijn. Het zijn eigenschappen die ik bij mijzelf ook heel belangrijk vind. Hoewel ik ook altijd Somaliër zal blijven, ben ik ook Fries en voel ik me hier thuis.

Wat mij gelukkig maakt zijn de Friese sporten. Dat komt natuurlijk omdat ik zelf ook sportman ben. Kaatsen, schaatsen; ik vind het prachtig om te zien. Ik voel mij ook gelukkig als ik mooie plekken in de provincie bezoek, bijvoorbeeld om bij het water te zitten of in de bossen te wandelen. Ik ga graag naar het Lauwersmeer, Oranjewoud, Gaasterland en Grou.

Ik mis de rust als ik niet in Friesland ben. Ik ga regelmatig naar de randstad of het buitenland en dan ben ik altijd blij als ik weer terug ben in het rustige, vertrouwde Friesland. Juist wanneer ik ergens anders geweest ben, merk ik dat ik mij in Friesland thuis voel en een Fries ben!”

Share this post on: