Share this post on:

Alexander Burger is berne op It Hearrenfean en opgroeid yn Akkrum. Hy is de soan fan in Fryske mem út Aldeboarn en in heit dy’t hikke en tein is yn marinestêd Den Helder. Alexander is filmmakker en voice-over.

‘Ik ha myn jeugd trochbrocht yn en om It Lege Midden. Boartsje op de pleats fan in freondintsje. Wat ha we ús fermakke yn en om sleatten en de rivier De Boarn. Genietsje fan de gondeltocht yn Aldeboarn, in jierliks ​​barren dat in grutte rol spilet yn myn famylje. Ek myn heit, dy’t no tsien jier yn Aldeboarn wennet, hat Fryslân yn syn hert slúten.

It ferskaat yn it Fryske lânskip krige ik al mei yn myn jeugd, doe’t wy mei de auto tochtsjes makken nei ûnder oare Appelskea en Gaasterlân. Yn Holwert, dêr’t freonen wenje, learde ik de Waadsee kennen. De grutheid, de ûneinichheid en de rêst yn dizze omjouwing sprekke my geweldich oan.

Deselde rêst belibje ik as ik troch it gebiet It Lege Midden swalkje. Ik genietsje fan de greide- en wetterfûgels en fan alle seizoenen dy’t se mei har meibringe. Op noch gjin hûndert meter fan ús hûs ôf rint it jongfee. Dit alles makket my lokkich yn dizze plattelânsomjouwing. Yn de coronaperioade bin ik dit noch mear wurdearjen gien. Ik koe myn emoasjes uterje en krige ynspiraasje foar nije filmprojekten.

Ik ha al fan jongs ôf in fassinaasje foar alles wat mei byld en lûd te krijen hat. De kar foar de oplieding Film & Media wie dêrom gau makke. Yn ien fan myn staazjes krige ik de kâns om by it Frysk Film- en Audioargyf foar en mei it Frysk kultureel erfgoed te wurkjen. Ik mocht ûnder oare wurkje oan de kleurkorreksjes fan âlde bylden fan Abe Lenstra en de Alvestêdetochten fan 1954 en 1956. Dêr ûntstie myn leafde foar de Fryske filmskiednis.

Foar myn eksamen ha ik de koarte film Troebel Water makke. De film spilet yn it gebiet om It Lege Midden hinne. Ik haw besocht om yn film en audio safolle mooglik de Fryske natuer te wjerspegeljen. Yn myn fierdere wurk hoopje ik noch folle mear fan dit lânskip sjen litte te kinnen!

Wat Fryslân foar my bysûnder makket, is de taal, de Fryske sporten, de soberheid en earlikens fan de minsken. Mar foaral de rêst en romte dy’t ik belibje yn it Fryske lânskip.”

***

Alexander Burger is geboren in Heerenveen en getogen in Akkrum. Zijn roots liggen voor de helft in Friesland; hij is de zoon van een Friese moeder uit Aldeboarn en een vader die geboren en getogen is in marinestad Den Helder. Alexander is filmmaker en voice-over.

“Mijn kinderjaren heb ik doorgebracht in en om It Lege Midden. Spelen op de boerderij van een vriendinnetje en vermaak in en om sloten en de rivier De Boarn. Genieten van de gondelvaart in Aldeboarn. Een jaarlijks terugkerend evenement, dat in mijn familie een grote rol speelt. Ook mijn vader, die sinds tien jaar in Aldeboarn woont, heeft Friesland inmiddels in zijn hart gesloten.

De verscheidenheid in het Friese landschap ervaarde ik in het weekend als we tochtjes gingen maken met de auto naar o.a. Appelscha en Gaasterland. In Holwerd, waar vrienden wonen, leerde ik de Waddenzee kennen. De uitgestrektheid, de oneindigheid en de rust in deze omgeving spreken mij enorm aan.

Dezelfde rust ervaar ik als ik door het gebied It Lege Midden struin. Ik geniet van de weide- en watervogels en alle seizoenen die zij met zich meebrengen. Op nog geen honderd meter afstand van ons huis loopt het jongvee. Dit alles maakt dat ik mij gelukkig voel in deze landelijke omgeving. Tijdens de coronaperiode heb ik dit nog meer weten te waarderen. Ik kon mijn emoties kwijt en kreeg inspiratie voor nieuwe filmprojecten.

Van jongs af aan heb ik al een fascinatie voor alles dat met beeld en geluid te maken heeft. De keuze voor de opleiding Film & Media was dan ook snel gemaakt. Tijdens een van mijn stages kreeg ik de gelegenheid om bij het Fries Film- en Audioarchief aan de slag te gaan om voor en met het Fries cultureel erfgoed te werken. Ik heb onder andere mogen werken aan de kleurcorrecties van oude beelden van Abe Lenstra en de Elfstedentochten van 1954 en 1956. Hier ontstond mijn liefde voor de Friese filmgeschiedenis.


Voor mijn examen heb ik de korte film Troebel Water gemaakt. De film speelt zich af in het gebied rondom It Lege Midden. Ik heb geprobeerd om zoveel mogelijk van de Friese natuur in de film en audio te laten terugkomen. In mijn verdere werk hoop ik ook nog veel te kunnen laten zien van dit landschap!

Wat Friesland voor mij bijzonder maakt zijn de taal, de Friese sporten, de nuchterheid en eerlijkheid van de mensen. Maar bovenal de rust en ruimte die ik ervaar in het Friese landschap.”

Share this post on: