Share this post on:

Moetsje Henk de Jong, wenjend yn Boornbergum, berne yn Drachten. Henk is fuotbaltrainer by SC Cambuur.

“Ik kom út in arbeidersfamylje, dêr’t noarmen en wearden heech yn it findel stiene. Myn heit en mem wurken hurd, sadat myn suster, broer en ik in oplieding dwaan koenen.

Ik tink dat ik yn myn dwaan en litten in echte Fries. Nochter, doch mar gewoan. Ik ken gjin ûnderskied tusken minsken. Mar ek emosjoneel, gefoelich. Dat merk ik bygelyks by de sportprestaasjes fan Friezen op de Olympyske Spelen of de Alvestêdetocht.

Wat my lokkich makket is it libben mei myn famylje, yn ús moaie provinsje. Ik bin it lokkichst tusken gewoane minsken. Ik kin echt genietsje fan de prachtige omjouwing; it wetter, de bosken, de greiden mei weidzjende kij.

Doe’t ik trainer wie yn Doetinchem ried ik middeis faak werom nei hûs, wylst ik in hûs hie yn Doetinchem. De natuer en it aard fan de minsken yn de Achterhoek diene my tinken oan Fryslân. Dochs móast ik werom. Ik moat myn famylje om my hinne ha en Fryslân rûke kinne.

Fryslân is myn thús. Ik bin in grutske ynwenner en dat doar ik út te dragen. Litte wy tegearre goed foar ús provinsje soargje!

***

Ontmoet Henk de Jong, woonachtig in Boornbergum, geboren in Drachten. Henk is voetbaltrainer bij SC Cambuur.

“Ik kom uit een arbeidersgezin, waar normen en waarden hoog in het vaandel stonden. Mijn vader en moeder werkten hard zodat mijn zus, broer en ik een opleiding konden volgen.

Ik vind dat ik in mijn doen en laten een echte Fries ben. Nuchter, doe maar gewoon. Ik ken geen onderscheid in mensen. Wel ook emotioneel, gevoelig. Dat merk ik bijvoorbeeld bij sportprestaties van Friezen op de Olympische Spelen of de Elfstedentocht.

Wat mij gelukkig maakt is het leven met mijn gezin, mijn familie in onze prachtige provincie. Ik ben het meest gelukkig tussen de gewone mensen. Ik kan ontzettend genieten van de prachtige omgeving; het water, de bossen, de weilanden met grazende koeien.

Toen ik trainer in Doetinchem was, reed ik vaak toch ‘s middags terug naar mijn thuis terwijl ik een huis in Doetinchem had. De natuur en de aard van de mensen deden me denken aan Fryslân. Toch móest ik terug. Ik moet mijn familie om me heen hebben en Fryslân kunnen ruiken.

Fryslân is mijn thuis. Ik ben een trotse bewoner en durf dat ook uit te dragen. Laten we vooral samen goed op onze provincie passen!

Share this post on: